Ynstellingsbeslút Stjoergroep desintralisaasje Fryske taal nei de provinsje Fryslân ta

De Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes,
Mei út namme fan de Steatssiktaris fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes;
Mei it each op it bestjoersakkoart Ryk-provinsjes 2008–2011, ta stân kommen op 4 juny 2008;

Beslút:

Kêst

1

Yn dit beslút wurdt ferstien ûnder:

  • a.

    stjoergroep: Stjoergroep desintralisaasje Fryske taal nei de provinsje Fryslân ta;

  • b.

    bestjoersakkoart: bestjoersakkoart Ryk-provinsjes 2008–2011;

  • c.

    Minister: de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes;

  • d.

    Steatssiktaris: de Steatssiktaris fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes.

Kêst

2

Der is in Stjoergroep desintralisaasje Fryske taal nei de provinsje Fryslân ta.

Kêst

3

Kêst

4

Kêst

5

Foar syn wurksumheden kriget de foarsitter fan de stjoergroep in fergoeding fan € 332,– de gearkomste. Foar harren wurksumheden krije de leden fan de stjoergroep dy’t dêrfoar yn ’e beneaming komme, in fergoeding fan € 256,– de gearkomste.

Kêst

6

Dit beslút giet yn op de twadde dei nei de datum fan de Staatscourant dêr’t it yn pleatst wurdt.

Kêst

7

Dit beslút wurdt oanhelle as: Ynstellingsbeslút Stjoergroep desintralisaasje Fryske taal nei de provinsje Fryslân ta.

Dit beslút sil, mei taljochting, yn de Nederlânske en Fryske taal publisearre wurde yn de Staatscourant.

De minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes, G. terHorst