Beslút fan de Minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip fan 23 mei 2012, nr. MLB/393.056, dat it ynstellen fan de Tydlike kommisje garandearjen Fryske Taal yn ’e media ynhâldt (Ynstellingsbeslút Tydlike kommisje garandearjen Fryske taal yn ’e media)

Ynstellingsbeslút Tydlike kommisje garandearjen Fryske taal yn ’e Media

De Minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, hanneljend yn oerienstimming mei de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en it kolleezje fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân,

Beslút::

Kêst

1

Begrypsbepalingen

Yn dit beslút wurdt ferstien ûnder:

  • a.

    minister respektivelik de Minister fan OCW: de Minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip;

  • b.

    de Minister fan BZK: de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes;

  • c.

    kommisje: de kommisje neamd yn kêst 2;

  • d.

    ferdrachsôfspraken: de ôfspraken lykas fêstlein yn kêst 11 fan it Europeesk Hânfest foar regionale talen of talen fan minderheden en yn kêst 6 en 9 fan it Ramtferdrach oangeande it beskermjen fan nasjonale minderheden.

Kêst

2

Ynstelling en taak

Kêst

3

Doer ynstelling

De kommisje wurdt ynsteld foar de rest fan 2012 mei yngong fan de datum fan it yngean fan dit beslút.

Kêst

4

Ynformaasjeplicht

As derom frege wurdt jout de kommisje oan de minister de ynformaasje dêr’t sy ferlet fan hat.

Kêst

5

Leden

Kêst

6

Wurkwize

Kêst

7

Einrapport

De kommisje bringt foar 1 jannewaris 2013 syn einrapport oan de minister út.

Kêst

8

Fergoeding

Kêst

9

Kosten fan de kommisje

Kêst

10

Geheimhâlding

Elkenien dy’t yn de aktiviteiten fan de kommisje behelle west hat en dêrby gegevens ta syn foldwaan kriget dêr’t er fan wit of dêr’t er yn alle ridlikheid fan tinke kin dat se in fertroulik karakter hawwe en foar wa’t omreden fan amt, berop of wetlik foarskrift oangeande dy gegevens al in geheimhâldingsplicht jildt, is ta geheimhâlding dêrfan ferplichte, útsein foarsafier’t likefolle hokker wetlik foarskrift him ta bekendmakking ferplichtet of de needsaak ta bekendmakking in gefolch is fan it útfieren fan syn taak by dy aktiviteiten.

Kêst

11

Iepenbiermakking

Rapporten, notysjes, ferslaggen en oare produkten dy’t troch of út namme fan de kommisje opsteld wurde, wurde net troch de kommisje iepenbier makke, mar inkeld oan de minister útbrocht.

Kêst

12

Argyfstikken

De kommisje draacht sa gau mooglik, nei it ôfsluten fan syn aktiviteiten of, as de omstannichheden dêr oanlieding ta jouwe, safolle earder, de stikken oangeande de aktiviteiten oer oan it argyf fan de direksje Media, Letteren en Biblioteken fan it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip.

Kêst

13

Yngean

Kêst

14

Siteartitel

Dit beslút wurdt oanhelle as Ynstellingsbeslút Tydlike kommisje garandearjen Fryske taal yn ’e Media.

Dit beslút sil, mei de taljochting, yn de Nederlânske en Fryske taal yn de Staatscourant pleatst wurde.

De Minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, J.M. van Bijsterveldt-Vliegenthart